Wy binne al dwaande mei de oefeningen foar ús folgjende foarstelling op 16 & 17 jannewaris
It stik fan dit winterskoft, spilet him ôf yn in omjouwing oan de ûnderlaach fan ús maatskippij. Fansels mei alle problematyk dy ‘t je dêr ferwachtsje kinne.
Mar no moatte jimme net tinke dat it allinnich mar kommer en kwel is.
Nee hear, ek hjir sit genôch gnúf mominten yn. It is in stik mei in ‘lach en in traan’.
oerset troch Gurbe Dijkstra
(“Per(r)ongeluk”, geschreven door Pol Anrys)
Dochsto ek mei oan de tarieding fan ús 125-jierrich bestean takom jier?
Lid wurde om ús feriening te stypjen en fergees nei de útfiering te kinnen is fansels altyd in boppeslach.
Wolle jo ek spylje? Wy binne altyd op syk nei nije spilers. Oanmelde foar takom seizoen!!!

























