” Neat is wat it liket”
Dy’t belutsen wiene by de produksje
“Neat is wat it liket”
Koarte ynhâld;
At it houlik fan je dochter en soan net goed is, moatte je dêr as heit en mem dan wat oan dwaan? En sa ja, hoe pakke je dat dan oan?
Arnold Koopmans en Margretha Buismans tinke dat se de oplossing fûn hawwe. Se stjoere de bern op fakânsje en Margretha sil de boel bespionearje. It foardiel hjirby is dat de bern Margretha net kenne en sy kin dus yn alle rêst har gong gean. Tinkt se!
Der gebeurt fan alles, Margretha moat sels ‘under cover’ om de saak goed ôfhannelje te kinnen. Dit hat in soad komyske situaasjes as gefolch, alles liket sels út de klauwen te rinnen. Mar dan komt Arnold ek ‘under cover’, en dy rêdt mei alles!
Dit jier is it in stik fan Astrid Baijs en Jan Tol.
Oerset troch Gurbe Dijkstra.